KV De Walden

Yn memoriam Wietske de Vries- de Vlas

14 april 2023

Nei in warber libben is op 9 april earelid fan KF De Wâlden Wietske de Vries- de Vlas by ús weirekke. Yn de advertinsjes fan de freonen fan Germ stie dat harren “kuorbalmem” ferstoarn wie en in protte bern dy’t by KC Tietjerk kuorballe ha, ha dit fêst wol in bytsje op dizze wize field. Wietske koe sa genietsje fan kuorbaljende bern op de sneontemoarn op it smûke fjildsje foar de kantine. As it sa útkaam woe se harren graach in bytsje bedjerre en yn it skoft fan ranje foarsjen.

De kantine wie op sneons jierrenlang it domein fan Johannes en Wietske, fan moarns ier oant it momint dat de kantine ticht gong, it waarme iten waard de jûns yn it foar al klear makke en sneons yn’e kantine opwaarme. Dat wie harren libben en fielden se harren ferantwurdlik foar. Se hienen wol ris muoite mei it feit dat der aardich wat bier trochhinne gong sa nei in thúswedstriid fan it earste…

Neist it kantinewurk hat Wietske jierrenlang it wedstrijdsekretariaat behartige en wie se hast by alle aksjes om de kas te spekken fan KC Tietjerk belutsen: sa as geraniumaksje, grutte klupaksje, Jantje Beton, toto formulieren ophelje, klupkrantsje rûnbringe yn de doarpen om Tytsjerk hinne en gean sa mar troch. Yn 2006 is Wietske op foardracht fan KC Tietjerk befoardere ta lid yn de orde fan Oranje-Nassau foar al it wurk dat hja dien hat foar de mienskip.

By de iepening fan de keunstgersfjilden yn Oentsjerk is Wietske frege as âldste lid tegearre mei it jongste lid fan de feriening de offisjele iepening te dwaan en dat wie fansels gjin probleem. Se wie tige fereard dat se dit dwaan mocht.

Oan de ein ta naam Wietske in skriuwblokje mei nei de wedstriden fan benammen it earste en hjiryn waard de stân by hâlden en de doelpuntemakkers notearre. It skriuwblokje bliuwt no ticht en de penne sil der wurkleas nêst lizzen bliuwe. We winskje de famylje in protte sterkte by dit ferlies.

Onze sponsoren
Onze website maakt gebruik van cookies en daarmee vergelijkbare technieken. Klik op 'Ik ga akkoord' om toestemming te geven voor het plaatsen van cookies. Lees meer over cookies